Fryslân útbylde op kaarten en tekeningen (1600-1750)

Wolkom

Op Fryslân Uitgebeeld wurde histoaryske data mei nije techniken kombinearre. Do kinst hjir kultuerhistorysk ûndersyk dwaan nei foarname huzen yn Fryslân lykas staten en stinzen mar ek nei ryksmonuminten.

De site makket hjirby gebrûk fan âlde 17e en 18e -ieuske kaarten út de ferneamde Schotanus atlassen. Dizze kaarten wurde tegearre mei de kaarten fan Hollân wol ta de bêste kaartwurken fan Europa út dy tiid rekkene. Ek de earste kaart wêrfoar de provinsje opmjitten waard ('Frisia Occidentalis', 1622) en de 'Nieuwe Caert van Friesland' (1739), 'de grootste, schoonste en nauwkeurigste Algemeene Kaart van Friesland, welke ooit is uitgegeven' stean op dizze site en kinne foar ûndersyk brûkt wurde.

De kaarten wiene foar dy tiid hiel krekt mar net sa neffens de feiten as de kaarten fan tsjintwurdich. Dêrom toant Fryslân Uitgebeeld de kaarten troch middel fan in oantal snoade digitale modifikaasje op de krekte geografyske lokaasje fan hjoed. It systeem is dêrtroch hiel sekuer yn it gebrûk.

Mei nije techniken is it no mooglik dizze kaarten yn in systeem te kombinearjen mei aktuele kaarten en spesjale datalagen mei bygelyks gegevens fan staten en stinzen. Krekt dy kombinaasje makket dizze site foar ûndersikers, skoalbern en studinten en oare ynteressearren in weardefolle boarne fan ynformaasje.

De site Fryslân Uitgebeeld is it resultaat fan in wittenskiplik ûndersyk dat is útfierd yn it ramt fan it digitalisearringsprojekt RedBot.

 

OAN 'E SLACH >>>